Shakespeariaansk auteurskipsdebat

In stânbyld fan William Shakespeare yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest.

It Shakespeariaansk auteurskipsdebat is de ûnienichheid ûnder saakkundigen oer de fraach oft immen oars as William Shakespeare fan Stratford-upon-Avon soms de auteur is fan it oeuvre oan toanielstikken en gedichten dat hjoed de dei oan him taskreaun wurdt. Anty-stratfordianen (in sammelterm foar de oanhingers fan ûnderskate alternative auteurskipsteoryen) wolle hawwe dat Shakespeare in strieman wie dy't de identiteit fan 'e wiere, anonime skriuwer beskermje moast, mei't dy om 'e iene of oare reden gjin publike belangstelling hawwe woe.

Hoewol't dizze diskusje in protte publike belangstelling lutsen hat, wurdt it leauwen yn alternatyf auteurskip troch frijwol alle Shakespeare-kenners beskôge as in nuveraardich râneferskynsel (ferlykber, miskien, mei it leauwen yn fleanende skûtels), dêr't hja it bestean inkeld fan erkenne om 'e bewearings fan 'e anty-stratfordianen te wjerlizzen of yn diskredyt te bringen. Dizze diskusje stiet trouwens alhiel los fan 'e fraach hokker toanielstikken en gedichten fan Shakespeare oft ta syn kanon hearre, en hokker oft (noch) ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene wurde.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search